Foar oersetters yn it Nederlânsk, Frysk, Papiamintsk en Ingelsk jildt: in ûntwikkelbeurs kinst twa kear yn it jier oanfreegje. Ast al earder in projektsubsydzje krigen hast, jildt dat it beslút op dyn resintste oanfraach posityf wêze moat, en net langer lyn is dan tsien jier. Ast noch gjin earste projektsubsydzje krigen hast (mar wol foldochst oan ien fan de oare yngongsbetingsten) kinst yn totaal seis kear in ûntwikkelbeurs oanfreegje. Dêr moatst minstens trije fan brûke foar oplieding of begelieding.
Foar oersetters út it Nederlânsk, Frysk of Papiamintsk jildt in maksimum fan ien oanfraach it jier. Ast in twadde (of folgjende) ûntwikkelbeurs krije wolst, moat dyn earste (of eardere) mei in ûntwikkelbeurs subsidiearre plan klear wêze.
Untwikkelbeurzen literêr oersetters
Begjinnende en betûfte literêr oersetters nei en út it Nederlânsk, Frysk, Papiamento, Papiamentu of Ingelsk* kinne in ûntwikkelbeurs oanfreegje om te ynvestearjen yn harren fakynhâldlike kennis en om harren kultureel ûndernimmerskip fierder te ûntwikkeljen. It Nederlânsk Letterefûns wol hjirmei ynvestearje yn de oersetkwaliteit en de literêre oersetkarriêre fan oersetters.

*Oersettingen yn it Ingelsk binne allinnich mooglik as it giet om it Ingelsk sa as dat brûkt wurdt troch memmetaalsprekkers yn it Karibysk diel fan it Keninkryk.
De ûntwikkelbeurs hat as doel it yn ‘e mjitte kommen yn ‘e kosten dy’tst makkest foar dyn profesjonele ûntwikkeling as literêr oersetter. Do hast de frijheid om sels te kiezen hoe’tst dizze subsydzje brûkst.
Wêrfoar?
In ûntwikkelbeurs kin brûkt wurde foar oplieding, coaching of begelieding. Kinst mei de ûntwikkelbeurs ek reis- en ferbliuwskosten fergoedzje ast in stúdzjereis meitsje wolst (bygelyks in oersettersresidinsje) of ûnderzoek dwaan moast foar in oersetting, sawol nasjonaal as ynternasjonaal.
Oersetters kinne de subsydzje ek brûke as fergoeding foar it gearstallen fan in dossier foar in útjouwer, besteande út in fragmintoersetting, in lêsrapport en mooglikerwize oersette resinsjes.
Wa komt yn oanmerking?
Ast literêr oersetter bist yn it Nederlânsk, Frysk, Papiamento, Papiamentu of Ingelsk*, moatst yn alle gefallen oan ien fan de folgjende yngongsbetingsten foldwaan:
Do hast al ris in projektsubsydzje krigen fan it Letterefûns yn it ramt fan de regeling Projektsubsydzjes foar literêre oersettingen (en it beslút op dyn resintste oanfraach binnen dy regeling wie posityf en is net langer as tsien jier lyn ).
Do hast nei 2010 ien fan de folgjende oersetopliedingen ôfrûne én oanwiisber in stap setten yn dyn karriêre as literêr oersetter:
a. Master Literair vertalen - Universiteit Utrecht of KU Leuven
b. Vertalersvakschool Amsterdam
c. Master Translation mei spesjalisaasje literêr oersetten - Universiteit Leiden
d. Master Vertalen (taalwittenskip) - Universiteit van Amsterdam
e. Master Vertalen in Europa - Ryksuniversiteit Grins
f. Begeliedingstrajekt fan it Expertisecentrum Literair Vertalen (ûntwikkelingstrajekt, mentoraat) of CELA (Connecting Emering Literary Artists)
g. Koarte kursus literêr oersetten fan it Expertisecentrum Literair Vertalen of de Vertalersvakschool (út in taal dêr’t gjin mearjierrige oersetoplieding foar oanbean wurdt)Do hast ien of mear oersettingen publisearre yn in troch it Nederlânsk Letterefûns subsidiearre literêr tydskrift of hast in begeliedingstrajekt ôfmakke by in literêr festival dat in mearjierrige subsydzje krigen hat fan it Nederlânsk Letterefûns. (Sjoch ek: Stipe literêre tydskriften en organisaasjes)
Do wennest op de Kariben en hast in artistyk CV, om oan te wizen datst profesjoneel aktyf bist as oersetter.
Ast literêr oersetter bist út it Nederlânsk, Frysk, Papiamento of Papiamentu, moatst yn alle gefallen oan ien fan de folgjende yngongsbetingsten foldwaan:
Bist in akkreditearre as oersetter troch it Nederlânsk Letterefûns (sjoch: Sign Up as a Translator).
Do hast twa troch it Letterefûns stipe oersettingen yn boekfoarm op dyn namme.
Yn it gefal fan in oanfraach foar in oersetting út it Papiamentu of Papiamentu: Do hast in artistyk CV, om oan te wizen datst profesjoneel aktyf bist as oersetter.
Hoefolle?
In ûntwikkelbeurs foar oersetters yn it Nederlânsk, Frysk, Papiamintsk en Ingelsk* is minimaal € 500 en maksimaal € 3.500.
Foar oersetters út it Nederlânsk, Frysk en Papiamintsk is in ûntwikkelbeurs altyd € 1.000.
Oanfragen
Foar dizze regeling kin trochrinnend oanfrege wurde. Oanfragen wurde behannele tusken 1 febrewaris en 1 desimber. De oanfraach moat yntsjinne wurde foardat’st oan it foarstel projekt begjinst.