Projektsubsydzjes foar literêr oersetters

Literêr oersetters yn it Nederlânsk, Frysk, Papiamento, Papiamentu of Ingelsk* kinne ek in projektsubsydzje oanfreegje foar in nij oer te setten boek. Sa kinne sy tiid en oandacht jaan oan de oersetting en ynvestearje yn de ûntwikkeling fan harren talint. It Nederlânsk Letterefûns wol hjirmei de Nederlânske literatuer ferrykje mei heechweardige oersettingen fan literêr wurk út alle taalgebieten en sjenres. Ek stimulearret it Letterefûns fia dizze regeling de oerdracht van kennis tusken begjinnend en betûfte oersetters, om de yn- en trochstream binnen it oersetfak te fasilitearjen.

Foar wa
Oersetters yn it Nederlânsk, Frysk, Papiamento, Papiamentu en Ingelsk*.
Deadline
Trochrinnend
Hoe folle
Dit hinget ôf fan de omfang fan it oer te setten projekt en de ûnderfining fan de oersetter.
Subsydzjeplafond
€ 2.013.000 (€ 140.000 foar begjinners en € 1.873.000 foar betûfte oersetters)

Wêrfoar?

Kinst subsydzje oanfreegje foar boekoersettingen yn alle literêre sjenres, njonken fiksje foar folwoeksenen ek berne- en jongereinliteratuer, poëzy, literêre non-fiksje, graphic novels en toaniel yn boekfoarm.

Wa komt yn oanmerking?

*Oersettingen yn it Ingelsk binne fia dizze regeling allinnich mooglik as it giet om it Ingelsk sa as dat brûkt wurdt troch memmetaalsprekkers yn it Karibysk diel fan it Keninkryk.

  • Foar oersetters yn it Nederlânsk of it Frysk jildt: hast foar in nij oer te setten boek in kontrakt sletten mei de útjouwer dêr’t minimaal de betingsten yn steane fan it Modelkontrakt fan de Literaire Uitgeversgroep en de Auteursbond. It minimumtaryf foar proaza is yn 2026 8,02 eurosint it wurd; foar oersettingen fan poëzy is dit € 2,92 de regel mei in minimum fan € 51,41 it gedicht.

  • Foar oersetters yn it Papiamentu, Papiamento of Ingelsk (sa as dat brûkt wurdt troch memmetaalsprekkers yn it Karibysk diel fan it Keninkryk) jildt: wurkest foar in nij oer te setten boek gear mei minimaal ien eksterne partner/opdrachtjouwer, dy’t in útjefteplan opsteld hat; dizze partner fersoarget op grûn fan it útjefteplan ien of mear fan de folgjende saken: de redaksje, publikaasje of promoasje fan de oersetting. Dêrnjonken is der sprake fan saakkundige redaksje.

Hoefolle?

De hichte fan de beurs wurdt bepaald oan de hân fan de omfang fan de oer te setten boarnetekst en de ûnderfining fan de oanfreger.

As begjinnend oersetter (wurkest oan dyn earste en twadde literêre oersetting) krijst in bedrach dat gelyk is oan dyn útjouwershonorarium.

By dyn tredde literêre oersetting kinst kieze: of do fregest nochris oan as begjinnend oersetter, of as betûfte oersetter. Betûfte oersetters krije in taryf fan 12 sint it wurd en € 4,20 de regel poëzy (of €72 it gedicht). Fan dyn fjirde literêre oersetting ôf, hearst ta de groep betûfte oersetters. Tink derom: betûfte oersetters dy’t út in nije taal oersette (dêr’t sy net earder in projektsubsydzje foar oanfrege hawwe) wurde by de earste literêre oersetting út dy taal sjoen as begjinnend oersetter. De kwaliteit fan de literêre oersettingen dy’t sy meitsje, is nammentlik foar dizze taalkombinaasje noch net bekend.

Betingsten

Yn de oersetting wurdt de namme fan de oersetter neamd yn it kolofon en op it omslach;

  • Begjinnende oersetters moatte de oanfraach uterlik ien moanne nei ûndertekening fan it modelkontrakt kompleet mei alle taheakken ynleverje (of as in oersetting op de Kariben ferskynt, uterlik ien moanne nei it opstellen fan in útjefteplan).

  • Betûfte oersetters moatte de oanfraach altyd by it begjinnen fan it oersetwurk yntsjinje. Hoechst net te wachtsjen op de ‘slútdatum’ fan in spesifike omgong. Wy freegje dy om dyn oanfraach sa kompleet as mooglik yn te tsjinjen. Taheakken kinne as nedich noch twa wiken lang tafoege wurde.

Kinst net mear oanfreegje ast:

  • Mear as 40.000 wurden de moanne oersetst;

  • De oersetting fia in tuskentaal makke wurdt (en dus net streekrjocht út de boarnetaal);

  • De oersetting troch mear as twa oersetters makke wurdt;

  • It orizjineel minder as 10.000 wurden is; as it in útjefte is yn it Papiamintsk of Ingelsk (sa as dat brûkt wurdt troch memmetaalsprekkers yn it Karibysk diel fan it Keninkryk), dan is de minimale omfang 5.000 wurden (of 10 gedichten yn it gefal van poëzy);

Hâld hjir ek rekken mei:

  • As in eardere oanfraach ôfwiisd is op grûn fan ûnfoldwaande oersetkwaliteit, kin pas wer in nije oanfraach yntsjinne wurde as der in nij wurk beskikber is om foar beoardieling foar te lizzen;

  • De ynkommensgrins is foar 2026 fêststeld op € 52.500 belêstber ynkommen (Yn 2025 wie dit € 47.500 en yn 2024 € 45.000). It belêstber sammelynkommen mei net heger wêze as dat bedrach yn de jierren datst oan it subsidiearre oersetprojekt wurkest;

  • Kinst maksimaal fjouwer oanfragen it jier yntsjinje. Der meie net mear as fjouwer fan dy troch it Letterefûns subsidiearre oersettingen noch net publisearre wêze.

Junior-seniortaslach

Ast mei in oare oersetter fan in oar ûnderfiningsnivo gearwurkest (dus in kollega mei betsjuttend mear of minder ûnderfining as oersetter), dan kinst dêr in junior-seniortaslach foar oanfreegje. Dizze bestiet út in ferdûbeling fan it subsydzjebedrach foar beide oersetters, omdat gearwurking en oerdracht fan kunde in ekstra tiidsynvestearring freget. De folgjende saken binne fan belang:

  • Beide oersetters wurde neamd yn it Modelkontrakt (of it útjefteplan);

  • De junioroersetter hat maksimaal acht eardere literêre oersettingen makke;

  • De senioroersetter moat dêrfoaroer minimaal sân oersettingen mear makke hawwe as de minder betûfte kollega;

  • Tegearre sette jimme net mear as 20.000 wurden de moanne oer, om genôch tiid frij te meitsjen foar útwikseling en oerlis;

  • De motivearring foar in junior-seniortaslach moat in beskriuwing fan jimme wize fan gearwurking befetsje, tegearre mei in oersjoch fan de leardoelen dy’t jimme fêststeld hawwe. It is wichtich klam te lizzen op de spesifike tûkelteammen by it oersetten fan de tekst dêr’t jimme oan gearwurkje. De motivearring is maksimaal 400 wurden.

Oare taslaggen

As begjinner is de junior-seniortaslach de iennichste taslach dy’tst oanfreegje kinst. As betûfte oersetter kinst in taslach oanfreegje foar de graad fan dregens, edysje/seleksjewurk of it skriuwen fan in foar- of neiwurd. Mear oer dizze taslaggen is te finen by de  Faak stelde fragen (FAQ) ûnderoan dizze side.

As begjinnende of betûfte oersetter kinst ek in ûntwikkelbeurs oanfreegje; dat kin al foardat’t dyn earste oanfraach foar in projektsubsydzje yntsjinnest. De ûntwikkelbeurs kin in soad ferskate doelen tsjinje, bygelyks om in fragmintoersetting en lêsrapport foar útjouwers te meitsjen, om in krityske meilêzer of mentor by dyn oersetting te beheljen, of om in stúdzjereis te meitsjen. Bist in begjinnende oersetter? Dan advisearje wy dy om (njonken de oanfraach foar de projektsubsydzje foar dyn earste of twadde oersetting) ek in foarm fan begelieding by dyn oersetting te regeljen, ofwol fia it Expertisecentrum Literair Vertalen of fia in ûntwikkelbeurs.  

Falbiledatums

Kinst it hiele jier troch in projektsubsydzje oanfreegje. Oanfragen fan begjinnende oersetters wurde trochrinnend behannele. Oanfragen fan betûfte oersetters binnen meardere omgongen:

  • Oanfragen dy’t binnen komme foar 15 april 2026: beslút nei ferwachting heal july;

  • Oanfragen dy’t binnen komme foar 15 augustus 2026: beslút nei ferwachting heal desimber.

As dyn oanfraach ûntfongen is, wurdt earst sjoen oft dizze kompleet is en oft dyn oanfraach foldocht oan de yngongsbetingsten.

Fregest as begjinnende oersetter oan, dan sjogge wy earst nei it meistjoerde modelkontrakt (of útjefteplan): klopje de neamde njonkenrjochten en it honorarium, is it troch alle partijen tekene? Dêrnjonken sjogge wy nei dyn motivearring: tsjûget dy fan dyn oersetambysje, blykt dêrút ynsjoch yn de styl en mooglike tûkelteammen by it oersetten fan it boek? Oanfragen fan begjinnende oersetters wurde flugger behannele, en as begjinnende oersetter wurdt it subsydzjebedrach oan it begjin fan it oersetproses útkeard.

Fregest oan as  betûfte oersetter  (fan dyn tredde of fjird literêre oersetting ôf), dan lit it fûns de literêre kwaliteit of it (literêre) belang fan it oer te setten boek beoardielje troch leden fan de advyskommisje of eksterne saakkundigen. By dyn earste oanfragen as betûfte oersetter wurdt ek de kwaliteit fan in resinte oersetting beoardiele. Tink derom: it Letterefûns kin by elke oanfraach (ek ast al lange tiid as betûfte oersetter oanfregest) by wize fan stekproef in beoardieling fan dyn oersetkwaliteiten yn gong sette. De advyskommisje besprekt alle oanfragen en de oardielen dêroer. De kommisje sjocht ek nei de planning/tiidsynvestearring yn relaasje ta de graad fan dregens fan it oer te setten boek. Ta beslút bringt de kommisje in advys út oan de direkteur-bestjoerder. 

Checklist foar dyn oanfraach

Gean goed nei oftst alle nedige dokuminten klear lizzen hast foar it yntsjinjen fan de oanfraach: 

Begjinnende oersetters:

  • Modelkontrakt of útjefteplan (tekene troch alle partijen);

  • In koarte beskriuwing fan dyn oersetkarriêre of ambysjes en ynformaasje oer (de styl fan) it boek datst oersette silst (maks. 500 wurden). Wichtich is dat út de motivearring ynsjoch yn it út te fieren wurk blykt. 

  • Meast resinte definitive oanslach ynkomstebelêsting;

  • By in fersyk om in taslach: in taljochting op de junior-seniorgearwurking;

  • As dat beskikber is: pdf fan de boarnetekst.

Betûfte oersetters:

  • Modelkontrakt of útjefteplan (tekene troch alle partijen). Of: ast noch wachtest op it modelkontrakt, in yntinsjeferklearring dêr’t in modelkontrakt yn it foarútsjoch yn steld wurdt)

  • Meast resinte definitive oanslach ynkomstebelêsting;

  • Motivearring fan it oersetprojekt;

  • By in fersyk om in taslach: in taljochting op de tûkelteammen, de edysjewurksumheden en/of de junior-seniorgearwurking;

  • As dat beskikber is: pdf fan de boarnetekst;

  • As der yn it ramt fan dyn oanfraach in oersetting beoardiele wurde moat, nimt in subsydzjespesjalist kontakt mei dy op. Wy freegje dan om twa eksimplaren fan in eardere oersetting yn boekfoarm + twa eksimplaren fan in representatyf fragmint fan 20 siden út de dêrby hearrende boarnetekst. Oersettingen wurde by wize fan stekproef beoardiele, mar yn alle gefallen by dyn earste oanfraach as betûfte oersetter.

Bist in betûfte oersetter? Dan ferwachtsje wy nei it digitaal yntsjinjen fan dyn oanfraach de folgjende taheakken mei de post: 

  • Twa eksimplaren fan de boarnetekst yn boekfoarm (of as dy noch net beskikber is: twa ynbûne útdraaien fan it typoskript). Wannear’t it om in klassike tekst giet, of in nij boek fan in skriuwer fan wa’t al meardere kearen wurk yn oersetting stipe is mei in subsydzje fan it Letterefûns, is it genôch om ien eksimplaar fan it boek op te stjoeren.

Download de regeling

Faak stelde fragen

Camilla Pargentino
Fleur van Koppen
Hanneke Marttin
Kasper Bockweg