Literêre programma’s

Fia dizze regeling kinne organisaasjes út Nederlân en it Karibysk diel fan it Keninkryk subsydzje oanfreegje foar literêre programma’s yn útienrinnende foarmen: fan festivals oant poadiumproduksjes. It Letterefûns wol hjirmei literêre programma's stypje dy’t in bydrage leverje oan de kwaliteit en it ferskaat fan it literêre lânskip. En oan it fergrutsjen fan de tagonklikens fan ’e literatuer foar in breed publyk.

Foar wa
Organisaasjes dy’t literêre programma’s produsearje en útfiere
Foar wat
Literêre programma's
Deadline
26 juny 2026 (17.59 oere Karibyske tiid, 23.59 oere Nederlânske tiid)
Hoe folle
€ 10.000 oant € 60.000
Subsydzjeplafond
€ 625.000 (omgong 1: € 400.000, omgong 2: € 225.000)

Wêrfoar?

Der kinne oanfragen yntsjinne wurde foar programma's dy't literatuer presintearje oan it publyk, yn útienrinnende foarmen en konteksten. Hjirûnder falle bygelyks:  

  • literêre festivals; poadiumproduksjes; lêzingen; programma’s om ien of mear skriuwers hinne, spoken word-artysten, yllustratoaren of oersetters; 

  • ynterdissiplinêre programma’s dêr’t literatuer in dúdlike rol yn spilet;  

  • talintûntwikkelingsprogramma’s rjochte op profesjonele makkers; 

  • inisjativen dy’t ta doel hawwe om literatuer of de makkers dêrfan ûnder de oandacht te bringen. 

  • De literêre aktiviteiten of eveneminten moatte binnen 1,5 jier nei it takennen fan de subsydzje foltôge wêze. De aktiviteiten hawwe in rintiid fan maksimaal 1 jier en begjinne minimaal 12 wiken nei ûntfangst fan de oanfraach.

Hat dyn aktiviteit lêsbefoardering as wichtichste doel? Gean dan nei de regeling Lêsbefoardering.  

Wa komt yn oanmerking?

  • De subsydzje kinne allinnich oanfrege wurde troch in rjochtspersoan sûnder winsteachmerk mei in folslein rjochtsfoech dy’t literêre programma’s organisearret en/of útfiert yn it Keninkryk.

  • In oanfreger kin yn elke omgong maksimaal ien oanfraach yntsjinje; 

  • Skoallen, biblioteken, útjouwers, universiteiten en gemeentes kinne fia dizze regeling gjin subsydzje oanfreegje. 

  • Organisaasjes dy't in mearjierrige subsydzje krije fan it Letterefûns kinne yn 2025 en 2026 gjin subsydzje oanfreegje as part fan dizze regeling.

Hoefolle?

  • Oanfreegje kin foar in subsydzje fan minimaal € 10.000 en maksimaal € 60.000. 

  • Oanfregers moatte minimaal 40% fan de kosten fan it programma út eigen ynkomsten of op oare wize finansierje. 

  • As de oanfreger fêstige is yn de Kariben, of as de oanfreger fêstige is yn Europeesk Nederlân en in oanfraach docht foar in projekt dat yn de Kariben plak hat mei in lokale gearwurkingspartner, moat minimaal 10% fan de kosten fan it projekt út eigen ynkomsten of op oare wize finansierd wurde.  

  • De subsydzje is mei bedoeld om fair pay te realisearjen. It giet dan om fair pay foar de belutsen skriuwers, oersetters, moderatoaren en oare kreative makkers, en foar de belutsen zzp’ers en fêste meiwurkers (yn leantsjinst) by de organisaasje en produksje. 

Wêr wurdt myn oanfraach op beoardiele?

Nei de falbiledatum wurde alle ynkommen oanfragen kontrolearre. De oanfragen dy’t foldogge oan de formele easken wurde beoardiele troch in advyskommisje, dy’t de oanfragen beoardielet op grûn fan fjouwer beoardielingskriteria: 

a. artistike fyzje en literêre kwaliteit fan it programma; 

b. tafoege wearde neffens it besteande oanbod;  

c. profesjonaliteit en realisme fan it projektplan; en   

d. realisme fan de begrutting. 

Sjoch goed nei it format projektplan; de fragen en dielfragen korrespondearje mei de beoardielingskriteria. Yn de taljochting fan de regeling wurde de kriteria fierder útlein.

Falbiledatums

Der binne twa subsydzjeomgongen yn it jier, mei in falbile op de folgjende mominten: 

  • 20 febrewaris 2026 (18.59 oere Karibyske tiid, 23.59 oere Nederlânske tiid) 

  • 26 juny 2026 (17.59 oere Karibyske tiid, 23.59 oere Nederlânske tiid) 

De behanneltermyn fan dyn oanfraach is nei de falbiledatum maksimaal 22 wiken. 

Hoe wurket it oanfreegjen?

It fûns wurket mei in online oanfraachformulier, fia de link boppe oan dizze side. It formulier kin tuskentiids net opslein wurde. Nei it yntsjinjen krijst in befêstiging yn de mail. It fûns nimt allinnich komplete oanfragen yn behanneling. As de oanfraach kompleet is, wurdt dizze ta beoardieling foarlein oan in advyskommisje. Oanfragen dy't op de falbiledatum noch net kompleet binne, wurde net yn behanneling nommen. 

Checklist foar dyn oanfraach

Sjoch goed oftst alle nedige dokuminten hast foar it yntsjinjen fan de oanfraach: 

  • Projektplan 

  • In slutende, spesifisearre begrutting 

  • In taljochting op de begrutting 

  • In aktueel KVK-úttreksel 

  • De meast resinte goedkarde jierrekken Oanfregers dy’t vanwegen harren koarte bestean noch gjin goedkarde jierrekken oerlizze kinne, en oanfregers fêstige yn de Kariben, binne útsletten fan dizze ferplichting. 

De oanfraach moat yn it Nederlânsk of Ingelsk skreaun wêze. Oanfregers foar projekten dy’t ferbân hâlde mei de Nederlânske Gebeartetaal, meie yn stee fan in skreaune projektplan in fideo-opname yntsjinje.

Christiaan Boesenach