Nederlânske Gebaretaal

Regeling Lêsbefoardering

Mei de regeling Lêsbefoardering stimulearret en stipet it Letterenfonds projekten op it mêd fan lêsbefoardering, dy’t fanwegen har fernijend karakter of ynnovatyf konsept in oanfolling foarmje op it besteande oanbod. Organisaasjes kinne subsydzje oanfreegje foar útinoarrinnende aktiviteiten foar jong en âld: fan lêsklups oant digitale projekten en fan workshops kreatyf skriuwe of optrede oant aktiviteiten rjochte op yntermediêrs. Of projekten dy’t no noch net besteane, mar wêrfan’t it wichtich is dat se yn it libben roppen wurde om lêzen te stimulearjen.

Foar wa
Organisaasjes dy’t lêsbefoarderjende of literatuer-edukative aktiviteiten produsearje en útfiere.
Foar wat
Net-kommersjele projekten dy’t har rjochtsje op lêsbefoardering yn it Nederlânsk Keninkryk.
Deadline
26 juny 2026
Hoe folle
De oanfreger kin minimaal € 25.000 en maksimaal € 50.000 oanfreegje.
Subsydzjeplafond
€ 1.100.000 (€ 550.000 per ronde)

Foar wa?

• Subsydzje kin allinnich oanfrege wurde troch kulturele ynstellings, kulturele organisaasjes of rjochtspersoanen dy ’t yn it Keninkryk aktyf binne en lêsbefoarderjende of literatuer-edukative aktiviteiten produsearje en/of útfiere.

• Skoallen, universiteiten en gemeenten kinne gjin subsydzje oanfreegje yn it ramt fan dizze regeling. • Organisaasjes dy’t in mearjierrige subsydzje ûntfange fan it Letterenfonds, kinne yn 2025 en 2026 gjin subsydzje yn it ramt fan dizze regeling oanfreegje.

• In oanfreger kin per subsydzje-omgong maksimaal ien oanfraach yntsjinje, mar mei eventueel wol noch as gearwurkjende partij by projekten fan oaren belutsen wêze. Twadde oanfraach? Ast al earder subsydzje krigen hast yn it ramt fan de regeling lêsbefoardering, soargje der dan foar dat dyn foarige projekt ôfrûne is op it momint dat de besluten bekend makke wurde, rûchwei fjouwer à seis moannen nei de deadline fan yntsjinjen. Is dyn kearnaktiviteit mear poadiumrjochte? Gean dan nei de regeling Projektsubsydzjes literêre programma’s. Projectsubsidies literaire programma’s.

Wêrfoar?

Der wurdt minder lêzen en de lêsfeardigens nimt ôf. Dat is in probleem, want lêze fergruttet jo kânsen yn ‘e mienskip, wurket stypjend foar jo ûntjouwing en stimulearret it kritysk tinken. It Letterenfonds stipet dêrom lêsbefoarderjende projekten, mei as doel om op duorsume wize by te dragen oan lêsbefoardering. Wy sykje yn it bysûnder dy projekten dy’t in oanfolling foarmje op it besteande oanbod, bygelyks omdat se in ynnovatyf konsept brûke, digitaal fernijend binne, nije gearwurkings oangeane, in nije regio betsjinje of in ûnderbeljochte doelgroep berikke.

In projekt hat in rintiid fan maksimaal 1 jier.

Hoefolle?

Der kin subsydzje oanfrege wurde tusken de € 25.000 en € 50.000. Minimaal 25% fan de totaalkosten fan it projekt moatte út eigen middels of op oare wize as de subsydzje fan it Letterenfonds finansiere wurde. Utsûnderings binne dêrby:

• Foar organisaasjes fêstige yn de Kariben, of foar organisaasjes fêstige yn Europeesk Nederlân, dy’t foar in projekt oanfreegje dat op de Kariben mei in lokale gearwurkingspartner plak fynt, bedraacht it persintaazje 10%.

• Foar oanfragen yntsjinne troch bibleteken, POI's (Provinsjale Stipe-ynstelling) of lanlike stipe-ynstellings foar bibleteken, moat op syn minst 50% fan de totaalkosten út eigen middels of op oare wize finansiere wurde. Foar bibleteken fêstige op de Kariben is dit persintaazje 10%.

Falbilen

Der binne twa subsydzje-omgongen it jier:

• 20 febrewaris 2026 (18.59 oere Karibyske tiid, 23.59 oere Nederlânske tiid): foar projekten dy’t rinne fan july 2026 ôf

• 26 juny 2026 (17.59 oere Karibyske tiid, 23.59 oere Nederlânske tiid): foar projekten dy’t rinne fan desimber 2026 ôf

Hoe fregest oan?

Lês altyd earst mei oandacht de regeling en taljochting. Dêr steane ûnder oare de betingsten yn om subsydzje oanfreegje te kinnen, út hokker dokuminten dyn oanfraach bestean moat en hoe’t dyn oanfraach beoardiele wurdt. "Kontrolearje goed oft alle fereaske dokuminten kompleet binne en oan de rjochtlinen foldogge. De ferplichte dokuminten binne:"

• It projektplan, neffens it  Format projektplan.

• In slutende, spesifisearre begrutting op grûn fan it Basisformat begrutting of in eigen format.

• In taljochting op de begrutting. Dêr leist per begruttingspost yn út hoe’t dy opboud is.

• In aktueel Keamer fan Keaphannel-úttreksel.

• De meast resint goedkarde jierrekken. Utsûndere binne organisaasjes mei in tige koart bestean en oanfregers fêstige yn de Kariben.

• Foar safier fan tapassing: (in) troch beide partijen ûndertekene yntinsjeferklearring(s) of gearwurkingsoerienkomste(n), dêr’t de gearwurking detaillearre yn beskreaun wurdt. Tink der om: by in gearwurking mei skoallen is soks yn alle gefallen ferplichte. Hast alle dokuminten sammele dy’t fanneden binne? Dan is it tiid om dyn oanfraach yn te tsjinjen. De oanfraach moat yn it Nederlânsk of Ingelsk skreaun wêze. Oanfregers foar projekten dy't te krijen hawwe mei de Nederlânske Gebeartetaal, meie yn stee fan in skreaun projektplan in fideo-opname yntsjinje. Allinnich komplete oanfragen wurde yn behanneling nommen. Oanfragen dy't op de falbile noch net kompleet binne, wurde net yn behanneling nommen. Twivelest oer bepaalde saken? Lês dan de regeling troch.

Beoardieling

De adviseurs beoardielje de oanfragen op de folgjende punten:

• Fyzje op lêsbefoardering

• Tafoege wearde fan it projekt op it besteande oanbod

• Kwaliteit en realiteitssin fan it projektplan

• Kwaliteit en realiteitssin fan de begrutting

Yn de taljochting fan de regeling wurde dizze kritearia fierder útlein.

Advyspetear mei Stichting Lezen

Wurkest oan in oanfraach foar de subsydzjeregeling Lêsbefoardering? Dan kinst yn july & augustus in frijbliuwend advyspetear oanfreegje by Stichting Lezen, it kennissintrum foar lêsbefoardering en literatueredukaasje. Yn it petear kinst saakkundich advys ynwinne oer de ynhâld en fyzje fan dyn projektplan:

  • Slút dyn plan oan by aktuele ynsjoggen út ûndersyk, lykas út de Lêsmonitor?

  • Foarmet dyn idee in oanfolling op it besteande oanbod yn it fjild?

  • Wat is der fernijend oan dyn oanpak, doelgroep of gearwurkingsfoarm?

Dizze petearen fine plak fan 5 jannewaris en duorje maksimaal 30 minuten. De petearen binne bedoeld as ynhâldlike refleksje. De petearen binne bedoeld as ynhâldlike refleksje. Dizze petearen binne net ferplichte en meitsje ek gjin ûnderdiel út fan de beoardieling fan dyn oanfraach. De ynformaasje wurdt yn algemiene linen dield mei it Letterenfonds. Kinst in petear oanfreegje fia it siktariaat: info@lezen.nl.

Tink derom: Foar praktyske of prosedurele fragen kinst telâne by it Letterenfonds sels.

Fragen dy’t in soad stelde wurde