Untwikkelbeurzen foar literêre makkers

Bist in begjinnende of betûfte skriuwer, byldmakker of yllustrator? Dan kinst yn oanmerking komme foar de ûntwikkelbeurs foar literêre makkers. Dizze subsydzje is bedoeld foar oplieding, coaching, begelieding of redaksje. Of as it yn ’e mjitte kommen fan de reis- en ferbliuwskosten dy’tst makkest foar oplieding of ûndersyk yn binnen- of bûtenlân. It Letterefûns wol hjirmei talint- en profesjonele ûntwikkeling fan literêre makkers stimulearje.

Foar wa
Skriuwers yn it Nederlânsk, Frysk en Papiamintsk en byldmakkers, fan wa’t noch gjin boek ferskynd is of dy’t de ôfrûne 2 jier in projektsubsydzje krigen.
Foar wat
Oplieding, coaching, begelieding, redaksje, reis- en ferbliuwskosten
Deadline
Trochrinnend
Hoe folle
€ 500 - € 2.500
Subsydzjeplafond
Begjinnende literêre makkers: € 75.000  Betûfte literêre makkers: € 125.000

Wêrfoar?

De subsydzje is bedoeld as in yn ’e mjitte kommen fan de kosten foar oplieding, coaching, begelieding en redaksje of de reis- en ferbliuwskosten foar oplieding of ûndersyk yn binnen- of bûtenlân. Kinst de ûntwikkelbeurs net brûke om in foltiidske of dieltiidske hbû- of wû-skriuwoplieding te finansierjen en ek net foar libbensûnderhâld of elektroanyske helpmiddels sa as in laptop.  Ek: de aktiviteiten yn it ûntwikkelplan moatte plak fine yn de takomst.

Hâld der rekken mei dat it Letterefûns foar it nimmen fan in beslút oer de oanfraach in beslistermyn fan maksimaal 8 wiken oanjout. 

Wa komt yn oanmerking?

Bist in betûfte literêre makker? Dan komst yn oanmerking ast yn de ôfrûne twa jier in projektsubsydzje krigen hast foar it skriuwen fan in boek. Foar elke ûntfongen projektsubsydzje kinst mar ien kear in ûntwikkelbeurs krije.

Bist in begjinnende literêre makker? Dan komst allinnich yn oanmerking as dyn debút noch net ferskynd is en ast foldochst oan minstens ien fan de folgjende betingsten:   

  • Hast yn de ôfrûne twa jier in kontrakt sletten mei in útjouwer dat minstens foldocht oan de betingsten fan it Modelkontrakt. Of hast in tekene yntinsjeferklearring, dêr’t dyn útjouwer it foarnimmen yn útsprekt om dyn debút te publisearjen, minstens neffens de betingsten fan it Modelkontrakt;   

  • Bist 1 oant 3 jier lyn ôfstudearre oan in hbû- of wû-skriuwoplieding;  

  • Hast yn de ôfrûne twa jier op it programma stien fan in literêre manifestaasje/festival of literêr-edukative aktiviteit, dy't subsydzje krige fan it Letterefûns. Hast by it optreden eigen wurk presintearre dat foar it grutste part yn it Nederlânsk, Papiamintsk of Frysk skreaun is;   

  • Hast yn de ôfrûne twa jier yn in literêr tydskrift publisearre dat in mearjierrige subsydzje krige fan it Letterefûns;  

  • Hast yn ôfrûne twa jier yn meidien oan in talintûntwikkelingstrajekt fan it Letterefûns;  

  • Hast net langer as twa jier lyn subsydzje krigen op grûn fan de regeling makkers bûten it boek fan it Letterefûns;   

  • Hast net langer as twa jier lyn subsydzje krigen op grûn fan de regeling Literatuur Caribe.  

Kinst mar ien kear in Untwikkelbeurs foar begjinnende literêre makkers krije.   

Hoefolle?

Kinst in oanfraach dwaan foar minstens € 500 en maksimaal € 2.500. It bedrach moat ûnderboud wurde mei in begrutting.   

Hoe worden aanvragen beoordeeld?

Oanfragen wurde op folchoarder fan ûntfangst beoardiele op de folgjende punten:   

  • de kwaliteit fan it ûntwikkelplan;   

  • de realiteitssin fan de begrutting.   

De kosten yn dyn begrutting moatte yn in reedlike ferhâlding wêze ta de aktiviteiten dêr'tst de oanfraach foar dochst. Ek aspekten as duorsumens en funksjonaliteit kinne by de beoardieling in rol spylje.  

Hoe wurket it oanfreegjen?

Kinst op elk momint in oanfraach dwaan, fia de knop ‘Start dyn oanfraach’ boppe oan dizze side. By it oanfreegjen moatst ek in tal taheakken uploade. De oanfraach kin tuskentiids net opslein wurde, dus garje alle taheakken yn it foar. In folsleine oanfraach bestiet út:   

  • it online oanfraachformulier, te berikken fia ‘Start dyn oanfraach’;  

  • in begrutting;  

  • As dat fan tapassing is: in refleksje op hoe't in earder ûntfongen ûntwikkelbeurs bydroegen hat oan de eigen profesjonele ûntwikkeling.  

Liesbeth Vries