De kwaliteit fan earder wurk, mei as dielkritearia:
De kwaliteit fan de meast resinte boekpublikaasje of in fragment fan de te skriuwen publikaasje (as it om in debút giet);
De kwaliteit fan oar earder wurk.
De kwaliteit fan it projektplan, mei as dielkritearia:
Literêre oertsjûgingskrêft en it realisme fan it projektplan;
Hoe bot it boek bydraach oan fernijing of ferbreding fan it literêre oanbod;
Artistike ûntwikkeling;
Maatskiplike of kulturele relevânsje.
Projektsubsydzjes foar makkers fan boeken
Skriuwers, byldmakkers en yllustratoaren yn alle fazes fan harren karriêre kinne fia dizze regeling subsydzje oanfreegje foar it meitsjen fan in nij literêr wurk yn boekfoarm (proaza, non-fiksje, poëzij, berne- en jongereinliteratuer, graphic novels en oare byldferhalen) dat ferskynt by in reguliere, literêre útjouwer. Binnen dizze feroare regeling komme no ek debutanten en makkers út it Karibysk diel fan it Keninkryk yn oanmerking foar subsydzje. It Letterefûns wol mei dizze regeling ynsette op in rjochtfeardiger beleanning foar profesjonele literêre makkers en sa de kwaliteit en it ferskaat fan it literêre oanbod stimulearje.

Wêrfoar?
It meitsjen fan nij literêr wurk yn boekfoarm. Alle literêre sjenres (proaza, non-fiksje, poëzij, berne- en jongereinliteratuer, graphic novels en oare byldferhalen) komme yn oanmerking. Dit wurk moat publisearre wurde troch in reguliere, literêre útjouwer.
Wa komt yn oanmerking?
Alle literêre makkers, los fan de faze fan harren karriêre of it sjenre dêr’t sy yn skriuwe of yllustrearje, kinne subsydzje oanfreegje foar in boek. De regeling stiet iepen foar ûnder oaren debutanten, skriuwers fan proaza of poëzij, biografyen, yllustratoaren fan printeboeken en graphic novels, en skriuwers út it Karibysk diel fan it Keninkryk, ek yn it Papiamintsk. De spesifike betingsten foar elke groep oanfregers steane hjirûnder by ‘Betingsten foar oanfragen’.
It is net mooglik om foar meardere projekten tagelyk subsydzje te krijen. Dit betsjut datst pas wer subsydzje oanfreegje kinst wannear’t dyn earder subsidiearre boek publisearre is.
Hoefolle?
De hichte fan it subsydzjebedrach is ôfhinklik fan de ferwachte tiidsynvestearring yn it projekt fan it momint fan oanfreegjen.
Foar projekten dy’t koarter as twa jier duorje fan it momint fan oanfreegjen oant publikaasje kinst € 15.000 oanfreegje.
Foar projekten dy’t twa jier of langer duorje: € 30.000.
Ast oanfregest foar in graphic novel dêr’t sawol in skriuwer as in byldmakker aan wurkje, dan binne de bedraggen oars: € 20.000 foar projekten oant twa jier en € 40.000 foar projekten fan twa jier en langer. Dizze bedraggen wurde ferdield oer de makkers.
It is mooglik om foar langere projekten it legere subsydzjebedrach oan te freegjen.
Falbiledatums
Skriuwers yn alle sjenres en op elk punt yn harren karriêre kinne harren oanfraach yntsjinje binnen de trije algemiene oanfraachomgongen. Dêrnjonken is der elk jier ien oanfraachmomint foar skriuwers en byldmakkers fan graphic novels en foar byldmakkers fan yllustrearre wurk. Skriuwers fan yllustrearre wurk freegje oan yn ien fan de trije algemiene omgongen.
De loketten binne yn 2026 iepene:
2 febrewaris – 2 maart (foar byldmakers) - sletten.
16 maart – 15 april (foar skriuwers)
1 july - 1 septimber (foar skriuwers)
Beoardielingsproses
Nei de falbiledatum wurde alle ynkommen oanfragen kontrolearre. Allinnich oanfragen dy’t by it sluten fan de oanfraachomgong folslein binne, wurde yn behanneling nommen. Kinst noch taheakken oan dyn oanfraach tafoegje, maar ast dat nei de falbiledatum dochst, wurdt dyn oanfraach pas binnen de folgjende omgong yn behanneling nommen. Ek it te beoardieljen wurk moat binnen wêze op de falbiledatum. Der kin allinnich oanfrege wurden foar literêre projekten dy’t op it momint fan subsydzjeferliening noch net realisearre binne.
De oanfragen dy’t foldogge oan de formele easken wurde beoardiele troch in advyskommisje. Binnen de algemiene subsydzjeomgongen wurde de oanfragen útsplitst yn trije ferskate kategoryen. Dynoanfraach wurdt dus binnen dyn kategory beoardiele en oardere. Elke kategory hat in eigen subsydzjeplafond. It giet om:
oanfregers foar in te skriuwen debút;
oanfregers fan wa’t ien boek ferskynd is;
oanfregers fan wa’t twa of mear boeken ferskynd binne.
Checklist foar dyn oanfraach
In folsleine oanfraach bestiet út de folgjende ûnderdielen. Sjoch goed oftst alle nedige dokuminten hast foar it yntsjinjen fan de oanfraach:
in projektplan dat opsteld is neffens it model dat beskikber makke is op de website fan it Letterefûns; foar skriuwers of foar byldmakkers;
in kopy fan de útjefte-oerienkomst mei de útjouwer, of in yntinsjeferklearring fan de útjouwer dêr’t bliken út docht dat dizze in útjefte-oerienkomst mei de oanfreger slute sil foar de te skriuwen boekpublikaasje. As de te skriuwen boekpublikaasje in debút is, moat in útjefte-oerienkomst oan de oanfraach taheakke wurde;
in kopy fan de útjefte-oerienkomst mei de útjouwer foar elke boekpublikaasje dy’tst beoardielje litst (dizze taheakke jildt dus net foar debutanten);
de lêste definitive oanslach ynkomstebelêsting (dus niet de foarlopige oanslach of de oanjefte); en
literêr wurk dat ûnder it behanneljen fan dyn oanfraach ta beoardieling oan ús adviseurs en eksterne lêzers foarlein wurdt. Hokker literêr wurk dit is, hinget ôf fan de groep dêr’st de oanfraach yn yntsjinnest en fan de fraach oftst earder in oanfraach by ús yntsjinne hast. Wy krije boekpublikaasjes graach op papier (fiif eksimplaren) op ús besite-adres.
By in oanfraach foar in debút:
in fragmint fan it boek dêr’tst in oanfraach foar dochst. Hoefolle wurden hinget ôf fan it sjenre fan it te skriuwen boek; dizze ynformaasje is te finen yn de regeling (kêst 6, sechsde lid, ûnder c);
oar te beoardieljen wurk nei kar. Hoefolle wurden hinget ôf fan it sjenre fan it te skriuwen boek; dizze ynformaasje is te finen yn de regeling (kêst 6, sechsde lid, ûnder d).
By in oanfraach foar in twadde boek:
dyn literêre debút (fiif eksimplaren).
Ast earder in oanfraach yntsjinne hast:
dyn meast resinte boekpublikaasje (fiif eksimplaren) dy’t noch net beoardiele is yn it ramt fan dizze regeling of syn rjochtsfoargonger).
Ast noch net earder in oanfraach yntsjinne hast, mar wol al minimaal twa publikaasjes hast:
dyn meast resinte boekpublikaasje (fiif eksimplaren);
in twadde boekpublikaasje nei kar (fiif eksimplaren).
Tink derom: alle boeken moatte op tiid, uterlik op de falbiledatum, by it Letterfûns binnen wêze. Stjoer se nei ús besite-adres: Nieuwe Prinsengracht 89, 1091 BX Amsterdam, en bewarje it ferstjoerbewiis. Ynstjoerde boeken wurde net werom stjoerd, of it moat wêze dat de oanfraach net yn behanneling nommen wurde kin.
Hast alles by-inoar garre? Tsjinje dan de oanfraach yn fia ‘Start dyn oanfraach’ boppe oan dizze side.
Betingsten foar oanfragen
Titels dêr’t de skriuwer sels yn de produksje-, promoasje- of distribúsjekosten bydraacht of dêr’t de skriuwer tsjin betelling in bepaald tal eksimplaren fan ôfnimt, komme net foar subsydzje op grûn fan dizze regeling yn oanmerking.
Yn de jierren dêr’t it subsidiearre projekt yn skreaun wurdt, mei it bruto belêstber sammelynkommen net heger wêze as € 52.500, mei ynbegryp fan de troch it Letterefûns takende subsydzje. It is mooglik om it subsydzjebedrach yn dielen útbetelje te litten, salang’t it projekt duorret en yn maksimaal trije jier. As bewiis foar it belêstber sammelynkommen jildt de definitive oanslach ynkomstebelêsting fan de Belêstingtsjinst (dus net de foarlopige oanslach of de oanjefte). As de rintiid fan it skriuwprojekt langer is as ien jier, kin it belêstber sammelynkommen yn ien jier heger wêze as € 52.500, mar it gemiddelde fan it ynkommen yn de jierren fan it projekt (mei in maksimum fan trije jier) mei net heger wêze as € 52.500 it jier. As it sammelynkommen te heech is, moat dit sa gau mooglik trochjûn wurde, ûnder meistjoeren fan kopyen fan de belêstingoanslaggen. Foar oanfregers foar letterkundige biografyen jildt gjin ynkommensgrins.
Betingsten foar de ferskate groepen oanfregers


