Nim foar it yntsjinjen fan de oanfraach de regeling (sjoch downloads) goed troch. Hjir stiet punt foar punt yn hokker betingsten in oanfraach oan foldwaan moat, en op grûn fan hokker kritearia de publikaasje beoardiele wurdt. Oanfragen dy’t net kompleet binne, wurde net yn behanneling nommen, lykas oanfragen foar publikaasjes dy’t al ferskynd binne of dy’t binnen trije moannen nei it yntsjinjen fan de oanfraach ferskine.
Produksjekosten bysûndere útjeften
Nederlânske útjouwerijen kinne in yn ‘e mjitte kommen fan de kosten oanfreegje foar it publisearjen en promoatsjen fan weardefol en bysûnder literêr wurk, dat him ûnderskiedet fan it reguliere oanbod. Dizze regeling is foar útjouwers dy’t in boek útbringe wolle dat wichtich is foar de Nederlânske literatuer, maar dêr’t fan ferwachte wurdt dat it publyk relatyf lyts is yn fergeliking ta de produksjekosten. Of dêr’t de kosten om spesjale redenen heech fan binne om it boek winstjouwend útbringe te kinnen. It Nederlânsk Letterefûns wol mei dizze regeling de kwaliteit en diversiteit fan it literêre oanbod yn Nederlân stimulearje.

Wêrfoar?
Foar oarspronklik Nederlânsk- of Frysktalich wurk yn ferskate sjenres, en yn in pear gefallen foar oersettingen. De regeling stiet iepen foar bysûndere literêre útjeften yn ien fan dizze kategoryen:
Klassyk: Nederlânsk- of Frysktalich literêr erfguod dat foar no en de takomst wichtich is fanwegen de grutte kulturele wearde.
Hjoeddeisk: oarspronklik Nederlânsk- of Frysktalige literêre non-fiksje fan grut belang en bûtengewoane kwaliteit, Frysktalige literatuer, sammele (toaniel)wurken, literêre byldferhalen en graphic novels en literêre skiedskriuwing fan yn Nederlân frij ûnbekende bûtenlânske letterkunde.
Bern en jongerein: yllustrearre berne- en jongereinliteratuer fan bysûndere kwaliteit en oarspronklik wurk dat him rjochtet op in dreech te berikken of lytse doelgroep.
Oersettingen: de earste twa útjeften by in Nederlânske útjouwerij fan in yn Nederlân wenjende skriuwer fan wa’t Nederlânsk net de memmetaal is, oersettingen fan wichtige literêre wurken út in deade taal, oersettingen nei de Nederlânske Gebeartetaal en út relatyf ûnbekende literatueren oersette blomlêzingen mei in yngeande yntroduksje.
Der kin gjin subsydzje oanfrege wurde foar de útjefte fan net-redigearre sammele wurken of sammele wurken fan in net-ôfrûne oeuvre, gelegenheidsútjeften, fakspesjalistyske of wittenskiplike wurken en foar wurken dy’t allinnich te keap binne fia ien bepaalde boekhannelketting of ien ferkeapkanaal.
Titels dêr’t de skriuwer sels yn de produksje-, promoasje- of distribúsjekosten bydraacht of dêr’t de skriuwer tsjin betelling in bepaald tal eksimplaren fan ôfnimt, komme net foar subsydzje yn oanmerking.
Wa komt yn oanmerking?
Komst yn oanmerking ast in yn Nederlân, ek yn Karibysk Nederlân, op Aruba, Kurasao of Sint Maarten fêstige útjouwerij bist dy’t op kontinue basis literêre útjeften fersoarget.
Hoefolle?
De hichte fan de úteinlike subsydzje hinget ôf fan de behelle ferkeapopbringst. Maksimaal € 20.000 de útjefte.
Betingsten foar oanmelding
De minimale oplaach is 500 stiks. Foar Frysktalige literêre wurken jildt in minimumoplaach fan 300 stiks. De útjefte moat op syn minst fjouwer jier nei publikaasje breed leverber bliuwe. E-books moatte op syn minst fiif jier beskikber bliuwe fan de dei fan publikaasje ôf. It mei gjin werútjefte wêze.
Foar dizze regeling kin trochrinnend in oanfraach yntsjinne wurde. De oanfraach moat wol minimaal trettjin wiken en maksimaal ien jier foar publikaasje fan it boek (of e-book) yntsjinne wurde by it Letterefûns.
De begrutting is realistysk en de útjefte is sûnder subsydzje net rendabel.
De begrutting neffens it kalkulaasjeformulier is te finen by de downloads, lykas, as dat fan tapassing is, in taljochting op de kalkulaasje.
Mei de by de útjefte belutsen skriuwer(s) is in Modelkontrakt sletten.
Faak stelde fragen

