Oerbrêgingsregeling makkers fan boeken

Skriuwers dy’t tusken 2013 en 2025 minimaal trije projektsubsydzjes krigen hawwe foar publikaasjes, kinne no in oanfraach yntsjinje foar de oerbrêgingsregeling. Dizze nije, ien kear oan te freegjen subsydzje is yn it libben roppen om de oergong nei de nije regeling Projektsubsydzjes foar Makkers fan Boeken noflik ferrinne te litten. Oanfragen kinne trochgeand yntsjinne wurde oant it subsydzjeplafond berikt is.

Foar wa
Skriuwers
Foar wat
Ien kear oan te freegjen subsydzje
Deadline
Trochrinnend
Hoe folle
minimaal € 12.500
Subsydzjeplafond
€ 1.960.000

Fan jannewaris 2026 ôf is de nije regeling Projektsubsydzjes foar makkers fan boeken fan start gien, mei in tal wichtige wizigingen, sa as it ferrûmjen fan de doelgroep (mei û.a. debutanten, yllustratoaren en graphic novelists), fêste bedraggen en minder klam op it oeuvre. Hoewol’t dit foar makkers dy’t oan no ta net yn oanmerking kamen in positive ûntwikkeling is, realisearret it Letterefûns him dat dizze feroaring neidielich útpakke kin foar guon makkers dy’t yn it ferline regelmjittich op subsydzje rekkenje koene. Dêrom kinne skriuwers dy’t der troch de nije regeling Projektsubsydzjes foar makkers van boeken finansjeel op achterút gien binne, oanspraak meitsje op de Oerbrêgingsregeling.  

Wa komt yn oanmerking?

Makkers dy’t sûnt it begjin fan de âlde regeling Projektsubsydzjes foar publikaasjes yn 2013 minimaal trije projektsubsydzjes foar publikaasjen krigen hawwe, dêr’t de lêste fan nei 1 jannewaris 2021 takend is. Ek takenningen binnen Skriuwerslibbens, biografyregeling telle mei. Kinst oanfreegje: 

  • as dyn oanfraach binnen de regeling Projektsubsydzjes foar makkers fan boeken op basis fan ynhâldlike of budzjettêre grûnen ôfwiisd is;   

  • ast net oanfreegje kinst binnen de regeling Projektsubsydzjes foar makkers fan boeken fanwegen de eask dat oanfregers gjin subsidiearre projekt ûnder hannen hawwe meie dêr’t it te skriuwen boek noch net fan publisearre is; 

  • ast in takenning krigen hast binnen de regeling Projektsubsydzjes foar makkers fan boeken, mar it bedrach leger is lager as watst binnen de âlde regeling Projektsubsydzjes foar publikaasjes en Skriuwerslibbens, biografyregeling krigen hawwe soest. 

Tink derom: de ynkommensgrins is € 52.500 belêstber ynkomen yn 2026 (yn 2025 wie dit € 47.500), ynklusyf takende subsydzjes. 

Hoefolle?

De hichte fan de subsydzje ferskilt foar elke oanfreger. By in ôfwizing of legere takenning yn de nije regeling Projektsubsydzjes foar makkers fan boeken, geane wy út fan de heechste subsydzjetakenning fan de lêste trije takenningen binnen de regeling Projektsubsydzjes foar publikaasjes of de regeling Skriuwerslibbens, biografyregeling. De takenningen út beide regelingen telle mei. Dat subsydzjebedrach is it iikpunt foar de fierdere berekkeningen, it saneamde iikbedrach.

By in ôfwizing foar projektsubsydzje wurdt 75% fan it iikbedrach as oerbrêgingssubsydzje takend, maar teminsten € 12.500.

  • As de subsydzje leger is as yn it ferline, wurdt it bedrach oanfolle oant 75% fan it iikbedrach.  

  • Kinst net oanfreegje binnen de nije regeling Projektsubsydzjes foar makkers fan boeken fanwege in rinnend projekt, dan is it subsydzjebedrach binnen de oerbrêgingsregeling € 12.500. 

  • Kinst net oanfreegje fanwegen in rinnend projekt, mar hast yn 2025 in budzjettêre ôfwizing krigen binnen de regeling Projektsubsydzjes foar publikaasjes en fregest no wer oan foar itselde projekt, dan is it subsydzjebedrach binnen de oerbrêgingsregeling 75% fan it iikbedrach. 

Hoe wurket it oanfreegjen?

Oanfragen kinne trochrinnend yntsjinne wurde fia de knop ‘Start dyn oanfraach’ boppe oan dizze side, oant it subsydzjeplafond fan de regeling berikt is. Oanfragen wurde op folchoarder fan ûntfangst behannele. De regeling stiet iepen oan ien 2027. As it subsydzjeplafond fan de regeling earder berikt wurdt, slút it oanfraachloket.

In oanfraach bestiet út: 

  • in folslein ynfolle oanfraachformulier; 

  • in kopy fan de útjefte-oerienkomst mei de útjouwer, óf in yntinsjeferklearring dêr’t út blykt dat de útjouwer ree is in oerienkomst oan te gean foar de te skriuwen publikaasje. Fregest oan fanwegen in rinnend projekt, dan foldocht in yntinsjeferklearring net: in kontrakt is ferplichte, of it moat sa wêze datst yn 2025 foar dyn nije projekt al in budzjettêre ôfwizing krigen hast;

  • in kopy fan de útjefte-oerienkomst foar de meast resinte boekpublikaasje; 

  • de meast resinte definitive oanslach ynkomstebelêsting. 

Wêr wurdt myn oanfraach op beoardiele?

De ûntfongen oanfragen wurde toetst op ûntfankelikens. As de oanfreger foldocht oan de drompelbetingsten sa as hjirboppe beskreaun, wurdt de oanfraach yn behanneling nommen en binnen seis wike ôfhannele.  

Tink derom: wa’t oerbrêgingssubsydzje oanfreget foar in projekt, kin foar datselde projekt net nochris in oanfraach dwaan binnen de regeling Projektsubsydzjes foar makkers fan boeken. In projekt kin mar ien kear stipe wurde. In rinnend projekt binnen de oerbrêgingsregeling hat gjin ynfloed op dyn kânsen om foar in nij projekt in oanfraach yn te tsjinjen binnen de regeling Projektsubsydzjes foar makkers fan boeken.  

Fragen? Nim kontakt op mei Akane Luiken a.luiken@letterenfonds.nl 

Downloads