Makkers bûten it boek om

As makker kinst subsydzje oanfreegje foar nije literatuer bûten it boek om: fan performance oant podkast en fan spoken word oant virtual reality. Dêrnjonken kinst in diel fan it bedrach brûke foar profesjonele ûntwikkeling. It Nederlânsk Letterefûns wol mei dizze regeling de kwaliteit en diversiteit fan nije literatuer yn it Nederlânsk, Frysk, Papiamintsk en de Nederlânske Gebeartetaal stimulearje.

Tekening van papieren vliegtuigje
Foar wa
Skriuwers en profesjonele literêre makkers
Foar wat
Projektsubsydzje, coaching en oplieding
Deadline
Doorlopend
Hoe folle
€ 7.500 of € 15.000
Subsydzjeplafond
€ 340.000

Foar wa?

In oanfraach kin yntsjinne wurde troch makkers dy’t harren profesjoneel manifestearje yn it letterefjild en gearwurkje mei in presintaasjepartner dy’t it nije wurk presintearret en ûnder de oandacht bringt by in publyk. De presintaasjepartner betellet in honorarium en stipet dy by de realisaasje fan it projekt.

Wêrfoar?

De oanfraach is foar nij te meitsjen literêr wurk bûten it boek om. Dat kin bygelyks spoken word of storytelling wêze, dêr’tst sels foardraachst op in publyk poadium, mar it kin ek in digitaal literêr wurk wêze, sa as in podkast. It nije wurk wurdt oan in breed publyk iepenbier presintearre, mei stipe fan dyn presintaasjepartner. It nije wurk is gjin boek en gjin bewurking fan in besteand boek.

De subsydzje is bedoeld foar dyn eigen honorarium en foar de kosten dy’t gearhingje mei it projekt, sa als produksjekosten en honoraria fan makkers dêr’tst mei gearwurkest. Minimaal 50% fan it subsydzjebedrag moat bestege wurde oan dyn eigen honorarium. Dêrnjonken kinst (in part fan) it bedrach brûke foar profesjonele ûntwikkeling, sa as begelieding, coaching of oplieding. Ek reis- en ferbliuwskosten yn it ramt fan it projekt komme yn oanmerking.

Yn de oanfraach beskriuwst hokker einresultaat do op it each hast en do stjoerst in begrutting mei, dêr’t de kosten yn spesifisearre wurde.

Hoefolle?

Kinst in bedrach fan € 7.500 of € 15.000 oanfreegje. Yn de oanfraach beskriuwst hokker einresultaat do op it each hast en do stjoerst in begrutting mei, dêr’t de kosten yn spesifisearre wurde, ûnder oare dyn eigen honorarium en dat fan de presintaasjepartner. Ast ek (in part) oanfregest foar profesjonele ûntwikkeling, jou dan dy kosten apart oan yn de begrutting.

Betingsten foar oanmelding

  • Moast minimaal ien earder (literêr) projekt of wurk sjen litte dêr’st in honorarium foar krigen hast. Dit wurk wurdt beoardiele op literêre kwaliteit troch saakkundige eksterne adviseurs.

  • It eardere wurk kin bygelyks in boek, tydskriftpublikaasje, poadiumoptreden, podkast of digitale produksje wêze, salang’t it mar ta stân kommen is yn in profesjonele kontekst. Yn it gefal fan in boek moat it útjûn wêze mei in modelkontrakt by in reguliere literêre útjouwerij. As it om in poadiumoptreden, podkast of digitale produksje giet, moat it ta stân kommen wêze yn in profesjonele kontekst, bygelyks by in organisaasje dy’t subsydzje krigen hat fan it Letterefûns.

  • Wurkest gear mei in presintaasjepartner dy’t dyn nije wurk oan in publyk presintearret, ûnder de oandacht bringt en dy dêrfoar in honorarium betellet.

  • Giet dyn projekt om in poadiumfoardracht, dan draachst as makker yn begjinsel sels dyn tekst foar. Is dat net it gefal, sjoch dan by de regeling Wurkbydrage teätertekst.

  • De ynkommensgrins is € 52.500 belêstber ynkomen yn 2026 (yn 2025 wie dit € 47.500), ynklusyf takinde subsydzjes.

Begjin mei de oanfraach

Foldochst oan de betingsten? Dan bist der klear foar om de oanfraach te dwaan! Sjoch de regeling (hjirboppe) foar ekstra ynformaasje en foarbylddokuminten. De folsleine subsydzjebetingsten binne fêstelein yn de subsydzjeregeling sa as publisearre yn de Staatscourant.

Faak stelde fragen