Literêre útwikselingen
Zowel literêre organisaasjes as literêre makkers kinne mei dizze regeling in subsydzje oanfreegje foar lêsbefoarderjende en literêre projekten dy’t de útwikseling fan kennis en ekspertise tusken de ferskate dielen fan ús taalgebiet stimulearje. It Nederlânsk Letterefûns wol hjirmei, yn gearwurking mei de Taalunie en Literatuur Vlaanderen, de grinzen fuortnimme yn it Nederlânsk taalgebiet (Nederlân, Flaanderen, Suriname, Aruba, Bonêre, Kurasao, Saba, Sint Eustatius en Sint Maarten).

Wêrfoar?
Foar projekten dy’t derfoar soargje dat wy kennis diele kinne en goede gearwurkingen opsette kinne tusken ferskate plakken dêr’t Nederlânsk sprutsen wurdt (Nederlân, Flaanderen, Suriname, Aruba, Bonêre, Kurasao, Saba, Sint Eustatius en Sint Maarten).
Wa komt yn oanmerking?
Dizze subsydzje kin oanfrege wurde troch in literêre organisaasje of makker mei plannen om lêsbefoarderjende en literêre projekten op te setten. Dizze ynisjativen moatte literêre útwikseling tusken de ferskate dielen fan it Nederlânsk taalgebiet stimulearje.
Hoefolle?
Subsydzje kin oanfrege wurde yn twa kategoryen:
Kategory A
Bisto skriuwer, (performance)dichter, spoken word/slam artyst, oersetter, yllustrator of literêr programmeur/kurator en wolst dyn artistike of saaklike mooglikheden yn in oare Nederlânsktalige regio ferkenne? Of wolst in nije gearwurking opsette? Dan kinst in subsydzje oanfreegje oant maksimaal € 2.500.
Kategory B
Bist as organisaasje of kollektyf aktyf yn it literêre fjild en wolst in ynternasjonale gearwurking opsette binnen it Nederlânsk taalgebiet? Dochst dit oan de hân fan in literêr projekt dat draait om útwikseling fan kennis en ekspertise tusken de ferskate regio’s fan ús taalgebiet? Dan kinst in subsydzje oanfreegje oant maksimaal € 10.000.
Betingsten foar it oanmelden
De subsydzje kin oanfrege wurde by Literatuur Vlaanderen.
Oanfregers yn kategory A kinne it hiele jier troch in subsydzje oanfreegje. De falbile is altyd de earste dei fan de moanne.
Oanfregers yn kategory B kinne twa kear yn it jier in subsydzje foar in literêre útwikseling oanfreegje.
1 april 2026: falbiledatum foar projekten dy’t begjinne of plak hawwe fan maaie 2026 ôf
1 septimber 2026: falbiledatum foar projekten dy’t begjinne of plak hawwe fan novimber 2026 ôf