Literêre tydskriften

Tink derom: dizze regeling giet yn 2028 wer iepen. It Nederlânsk Letterefûns stipet yn 2025-2028 fjirtjin literêre tydskriften. It subsydzjebedrach is fêststeld op € 20.500 it jier it tydskrift. De opfallendste fernijing yn dizze subsydzjeperioade giet oer de ynfiering fan basistariven foar de betelling fan skriuwers, oersetters én yllustratoaren.

Foar wa
Literêre tydskriften
Foar wat
Honoraria en redaksjekosten
Deadline
Dizze regeling giet yn 2028 wer iepen
Hoe folle
€ 20.500 it jier
Subsydzjeplafond
€ 984.000

Goede literêre tydskriften fungearje as springplanke foar bekend en ûnbekend talint. En as frijplak dêr’t talint him of har ûntwikkelje kin en dêr’t nije ideeën de romte krije. Ek biede sy redakteuren de mooglikheid harren (redaksjonele) feardigens oan te skerpjen en harren te presintearjen oan it publyk en it boekefak yn it bysûnder. tydskriften binne net allinnich in ôfspeling fan wat der bart yn de maatskippij, mar beynfloedzje ek aktyf hoe’t wy nei de literatuer en de wrâld sjogge.

Om de literêre tydskriften de romte te jaan foar fierdere ûntwikkeling en profesjonalisearring, is it wichtich om foar in langere tiid rêst en finansjele wissichheid te bieden. De termyn dêr’t subsydzje foar oanfrege wurde kin, bliuwt dêrom, lykas 2021-2024, fjouwer jier. Ek is it subsydzjebedrach it tydskrift ferhege fan € 15.000 nei € 20.500 it jier. Hjirfoar is ekstra budzjet tafoege oan de – ynearsten noch beheinde – mooglikheden foar 2025-2028. It ekstra budzjet komt út fair pay-middels dy’t it Ministearje fan OCW foar de Rijkscultuurfondsen, bis-ynstellings en musea binnen de Erfgoedwet beskikber steld hat. Om dy reden easket it Letterefûns foar it earst dat de tydskriften harren hâlde oan de folgjende minimumtariven foar honoraria fan skriuwers en yllustratoaren. It giet om absolute boaiembedragen, en it fûns nûget de tydskriften út dizze nei boppe by te stellen (as dat mooglik is):

  • Oarspronklik proaza: 10 sint it wurd

  • Oarspronkelike poëzy: € 75 it gedicht

  • Oerset proaza: 7,5 sint it wurd

  • Oersette poëzy: € 55 it gedicht

  • Yllustraasje: € 75 de yllustraasje (nije kategory)

Om de posysje fan de tydskriften yn it letterefjild ferstevigjen, freget it Letterefûns de subsydzjeûntfangers ek mei te wurkjen aan it foarmjen fan en aktyf diel te nimmen oan in sektorbrede gearwurking foar literêre tydskriften, nei it foarbyld fan VLAM21. It Letterefûns sil hjir yn 2025 in earste oanset ta dwaan.

Fan de redaksjes wurdt ferwachte dat sy de Fair Practice Koade en de Governance Koade Kultuer tapasse en beskriuwe hoe’t sy harren ferhâlde ta de Koade Diversiteit en Ynkluzje. It fûns giet út fan in tanimmende ambysje, passend by de situaasje dêr’t de tydskriften yn funksjonearje.

Fjouwer jier lang sil it Letterefûns monitoaringpetearen fiere mei de tydskriften oer de fuortgong en realisaasje fan de doelstellingen dy’t foar 2025-2028 formulearre binne.

Wa kin in oanfraach dwaan?

  • Literêre tydskriften (Nederlânsk-, Papiamintsk- of Frysktalich) dy’t in yn it Nederlânsk Keninkryk fêstige rjochtspersoan binne en dy't gjin winsteachmerk hawwe.

  • tydskriften mei in te beheinde fokus binne útsletten fan oanfragen, lykas fak-, wittenskiplike en ledeblêden, mei útsûndering fan tydskriften foar de beropspraktyk fan literêr oersetten.

Oare kriteria foar dielname

  • It tydskrift is op syn minst fan 1 maart 2023 ôf ûnôfbrutsen ferskynd, mei in omfang fan minimaal 48 siden it kalenderjier en in ferskiningsfrekwinsje fan twa kear it jier (foar papieren tydskriften) of minimaal fjirtich nije literêre wurken it jier en in regelmjittich publikaasjeskema (foar digitale tydskriften).

  • Minstens ien oare partij fungearret as mei-finansier; it Letterefûns kin net de iennichste ynvestearder wêze.

  • It tydskrift hat in profesjonele redaksje dy't bestiet út meardere persoanen. De redaksje soarget foar de akwisysje en seleksje fan de kopij en redigearret en korrizjearret alle te publisearjen kopij.

  • Minstens de helte fan de publisearre bydragen is literêr fan aard en de bydragen binne net yn haadsaak skreaun troch de redaksjeleden sels.

Wat is de bydrage fan it fûns?

  • ·Bydragen wurde yn ien omgong ferliend en duorje fjouwer jier. In tydskrift krijt € 82.000 oftewol € 20.500 it jier.

  • Maksimaal 50% fan de subsydzje mei brûkt wurde foar de dekking fan oare kosten foar it tydskrift as de beleanning fan skriuwers, yllustratoaren en redaksje.

Wa beoardielet dyn oanfraach en hoe lang duorret it?

Dyn oanfraach wurdt beoardiele troch in advyskommisje, dy’t bestiet út leden fan de Rie fan advys en eksterne saakkundigen. It stribjen is om it subsydzjebeslút foar de ein fan it jier, en uterlik 22 wiken nei ûntfangst fan de oanfraach, kenber te meitsjen.

Hoe wurdt in oanfraach hifke?

De advyskommisje beoardielet de oanfragen op de folgjende punten:

  • de literêre kwaliteit fan it tydskrift;

  • de redaksjonele plannen, it publyksberik en de takomstfyzje;

  • de kwaliteit en realiteitssin fan de eksploitaasje.

Hoe wurket it oanfreegjen?

Ast de oanfraach begjinst, krijst de fraach om dyn gegevens yn te foljen en de nedige taheakken te uploaden. In wichtige taheakke is it ynfolde oanfraachformulier, datst ûnder oan dizze side fine kinst. It fûns nimt allinnich komplete oanfragen yn behanneling. As de oanfraach dochs noch ûnfolslein blykt te wêzen, kinst noch binnen twa wike de ûntbrekkende ynformaasje opstjoere. As de oanfraach ek dan noch net folslein is, wurdt dizze formeel ôfwiisd.

Utbetelling

By in posityf beslút wurdt de helte fan it totale takende subsydzjebedrach binnen fjouwer wiken nei it skriftlike beslút útbetelle.

Tips

  • It is oan te rieden om yn it foar de regeling en it oanfraachformulier goed troch te nimmen (sjoch de downloads hjirûnder). Dêr stiet yn hokker betingsten oan foldien wurde moat en hoe de subsydzje efternei ferantwurde wurde moat. Ek kinst lêze wêr’t de kommisje nei sjocht by it beoardieljen fan de oanfraach.

  • Tink derom: oanfragen dy’t net neffens de formulieren opsteld binne of dy’t net kompleet binne, wurde net yn behanneling nommen.