Fjouwerjierrige subsydzjes literêre organisaasjes

Tink derom: dizze regeling giet yn 2028 wer iepen. Mei dizze regeling kinne literêre organisaasjes in mearjierrige organisaasjesubsydzje oanfreegje. It Nederlânsk Letterenfûns wol hjirmei de ûntwikkeling en de kwaliteit fan de literêre kultuer en ynfrastruktuer befoarderje. Wy jouwe foarrang oan organisaasjes dy’t helpe om it literêre oanbod bûten de Rânestêd te fergrutsjen, foar in lykwichtige sprieding oer de ferskate regio’s.

Foar wa
literêre organisaasjes
Foar wat
Fjouwerjierrige organisaasjessubsydzjes
Deadline
giet yn 2028 wer iepen
Hoe folle
€65.000 tot € 300.000, afhankelijk van de omvang en financiële gesteldheid van de organisatie
Subsydzjeplafond
€ 1.800.000

Wêrfoar?

As organisaasje hast de frijheid om te kiezen út ferskate passende kearnaktiviteiten of rollen. Dat kin wêze in literêr festival, in presentaasje-ynstelling, in produksjehûs of in organisaasje dy’t rjochte is op profesjonele talintûntwikkeling.

Wa komt yn oanmerking?

Komst yn oanmerking foar dizze organisaasjesubsydzje ast as literêre organisaasje in bydrage leverest oan de ûntwikkeling fan de literêre kultuer en de befoardering fan de kwaliteit dêrfan. In organisaasje moat tenminsten trije jier lang literêre aktiviteiten organisearre hawwe, in eksploitaasje hawwe fan minimaal € 150.000 (basearre op it peiljier 2022), en earder subsydzje fan it Letterefûns krigen hawwe foar in bedrach fan € 40.000 of heger. Njonken in regionaal of stedsk belang wurdt ferwachte datst bydraachst oan in lanlike literêre ynfrastruktuer mei ferskaat.

Hoefolle?

Wy brûke twa subsydzjekategoryen, basearre op hoefolle jild de organisaasje yn totaal brûkt:

Kategory A

Foar organisaasjes mei totale baten boppe de € 600.000 neffens de jierrekken fan 2022, is der in subsydzjebedrach fan € 200.000 oant maksimaal € 300.000 it jier beskikber.

Kategory B

Foar organisaasjes mei totale baten tusken de € 150.000 en de € 600.000 neffens de jierrekken fan 2022, is der in subsydzjebedrach fan € 65.000 oant maksimaal € 150.000 it jier beskikber.

Betingsten foar oanmelding

  • Lês it oanfraachdokumint foar de oanfraachproseduere en de foarm fan de oanfraach, as it tal wurden, it tal siden en de wize dêr’t de begrutting mei opsteld wurde moat. Sjoch de downloads. 

  • Fereaske taheakken: Oanfraachdokumint, Mearjierrenplan 2025-2028, begrutting en kwantitatyf aktiviteitenoersjoch 2025-2028, detaillearre begrutting 2025-2026, gearstalling organisaasje, jierrekkens en jierferslaggen fan 2021 en 2022 en jierferslaggen fan 2021 en 2022, resint úttreksel KvK en Karbrief.

  • Folje de fragelist oer duorsumens yn; dizze makket gjin ûnderdiel út fan de beoardieling.

  • Der wurdt fan dy ferwachte datst de hiele subsydzjeperioade wurkjen bliuwst oan de ymplemintaasje fan de Koade Diversiteit en Ynklúzje, de Fair Practice Koade, en de Governance Koade Kultuer binnen de organisaasje. Do leist út hokker stappen ast sette silst om de doelstellingen foar 2025-2028 op dy trije gebieten te berikken.

  • Njonken it brûken fan de koades wurdt ek rekken hâlden mei in lykmjittige ferdieling oer de ferskate regio’s. Organisaasjes dy't bydrage oan it ferbreedzjen fan it literêre oanbod bûten de Rânestêd hawwe hjirby foarrang.

Lucette Châtelain
Christiaan Boesenach