Fjouwerjierrige subsydzjes literêr-edukative organisaasjes
Let op: dizze regeling giet yn 2028 wer iepen. It Nederlânsk Letterefûns wol in lanlik en regionaal literêr-educatyf oanbod op ferskate ûnderwiisnivo’s befoarderje, net allinnich binnen mar ek bûten de muorren fan de skoallen, en de lêswille ûnder jongerein fergrutsje. Fia dizze regeling kinne literêr-edukative organisaasjes in mearjierrige organisaasjesubsydzje oanfreegje. De fjouwerjierrige subsydzjes foar 2025-2028 binne al takend.

Wêrfoar?
Foar it fersterkjen fan de eigen organisaasje en it útfieren fan literêr-edukative aktiviteiten.
Wa komt yn oanmerking?
Organisaasjes mei in lanlik belang dy’t har teminsten al trije jier haadsaaklik rjochtsje op it organisearjen fan literatuer-edukative aktiviteiten foar de jongerein ûnder en/of bûten skoaltiid. De organisaasje moat earder subsydzje fan it Letterefûns krigen hawwe. Der moat in eksploitaasje fan minimaal € 100.000 per jier wêze foar de perioade 2025-2028.
Hoefolle?
Wy hantearje twa subsydzjekategoryen dy’t ôfhinklik binne fan de omfang en finansjele tastân fan de organisaasje:
Kategory A
Foar organisaasjes mei totale baten boppe de € 1.000.000 neffens de jierrekken fan 2022, is der in subsydzjebedrach fan maksimaal € 380.000 beskikber.
Kategory B
Foar organisaasjes mei totale baten ûnder de € 800.000 neffens de jierrekken fan 2022, is der in subsydzjebedrach tusken € 70.000 en € 180.000 beskikber.
By it fêststellen fan de hichte fan de subsydzje wurdt it lean-/priisnivo fan 2023 as útgongspunt nommen, en wurdt rekken hâlden mei de hichte fan de subsydzje yn de foargeande perioade fan 2021-2024.
Betingsten foar oanmelding
Lês it oanfraachdokumint foar de oanfraachproseduere en de foarm fan de oanfraach, as it tal wurden, it tal siden en de wize dêr’t de begrutting mei opsteld wurde moat. Sjoch de downloads.
Fereaske taheakken: Oanfraachdokumint, Mearjierrenplan 2025-2028, begrutting en kwantitatyf aktiviteitenoersjoch 2025-2028, detaillearre begrutting 2025-2026, gearstalling organisaasje, jierrekkens en jierferslaggen fan 2021 en 2022 en jierferslaggen fan 2021 en 2022, resint úttreksel KvK en Karbrief.
Folje de fragelist oer duorsumens yn; dizze makket gjin ûnderdiel út fan de beoardieling.
Der wurdt fan dy ferwachte datst de hiele subsydzjeperioade wurkjen bliuwst oan de ymplemintaasje fan de Koade Diversiteit en Ynkluzje, de Fair Practice Koade, en de Governance Koade Kultuur binnen de organisaasje. Do leist út hokker stappen ast sette silst om de doelstellingen foar 2025-2028 op dy trije gebieten te berikken.
Njonken it brûken fan de koades wurdt ek rekken hâlden mei in lykmjittige ferdieling oer de ferskate regio’s. Organisaasjes dy’t bydrage oan it ferbreedzjen fan it literêre oanbod bûten de Rânestêd hawwe hjirby foarrang.

Neem voor meer informatie contact op via c.boesenach@letterenfonds.nl

Neem voor meer informatie contact op via s.bolt@letterenfonds.nl